De Foarstelling

Op ien fan de moaiste teaterlokaasjes fan Fryslan, It Wilhelminapark yn Grou, is fan't simmer it teaterstik "Freerk Siekmans fisker en fûgelflapper" opfierd. Oer it libben fan ien fan de markantste en tagelyk nuveraardigste Grousters út de foarige ieuw. In 'natoerman" mei in grut hert.

De legendaryske ferhalen oer it libben fan Freerk Siekmans binne yn augustus ta libben brocht. Bytiden oandwaanlik en gauris noch och sa aktueel. Dêrfoar waard it Wilhelminapark omtsjoend ta it mysterieus domein wêryn Siekmans jaget en fisket om de holle boppe wetter te hâlden.

Reizgje û.l.f. regisseuze Klaasje Postma werom yn de tiid, nei de Burdskop oan de Ie. Nei in wrâld sûnder gas, wetter en elektrysk en belibje hoe't it wie om sa tichtebý en fán de natoer te libjen.

De premiêre wie op freedtejûn 23 augustus. De foarstellings binne opfierd op 23,24,25,30, 31 augustus en 1 september 2019.







Wilhelmina park


Sfeer impressie:

De foarstelling yn byld