Freerk Siekmans

Teater oer een seldsum man

Wa wie Freerk?

Freerk Siekmans (1887 - 1971) wenne mei syn katten. hinnen en guozzen fier fan de bewenne wrâld op de Burdskop oan de Wide Ie by Grou. Hy libbet al lang net mear, mar alle jierren mei de krystdagen makket Freerk âlde minsken yn Grou bliid.

Freerk Siekmans is op 13 febrewaris 1971 ferstoarn en yn Grou te hôf brocht. Op syn grêfstien stiet:

"Hij leefde lang in eenzaamheid als vrije vogelaar, had menigeen tot vriend en was geen kluizenaar".

Stichting Freerk Siekmansfûns

It Fûns is op 16/7/1970 oprjochte troch Freerk Siekmans sels, notaris Hoekstra út Snits en boekhalder Tjitte Visser. It doel fan de Stichting is om jierlijks rûnom Kryst in finânsjele bydrage út te kearen oan dêrfoar yn oanmerking kommende manlju en froulju. Dêrby jildt as betingst: allinnesteand wêze en noch ûnôfhinlik libje yn Grou, boppedat 65 jier of âlder wêze en gjin bern ha en as ynkommen yn prinsipe allinne AOW.